Twa seehûnen befrijd út fisknet op sânplaat by Skylge

11 maaie 2015 - 19:34

Twa fan de fjouwer seehûnen dy't by in sânplaat by Skylge yn in fisknet fêstsieten, binne moandeitemiddei befrijd. Meiwurkers fan seehûnekresj Pieterburen en Hessel Wiegman hawwe yn gearwurking mei rederij Noordgat de bisten los krigen. De seehûnen binne frijlitten de see yn. Letter dizze wike wurdt besocht de oare twa seehûnen út de netten los te krijen. De omstannichheden moatte goed wêze.

In fyfde seehûn sit net mear fêst, mar hat wol in grutte ferwûning. De seehûnekresj Pieterburen besiket it bist mei te nimmen nei de kresj om te fersoargjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)