Oerlêst ferwachte troch ikeprosesjerûp

11 maaie 2015 - 18:38

Fryske gemeenten yn it suden fan de provinsje ferwachtsje wer oerlêst fan de ikeprosesjerûp. Ut it súdeasten fan de provinsje wei krûpt de rûp alle jierren fierder nei it súdwesten.

De hierkes fan de rûp kinne soargje foar yrritaasje fan de hûd, eagen en luchtwegen. Lykas foarige jierren wurdt ek no wer in soad dien om de rûp te bestriden. Mar alle jierren dûkt er wer op. Ferline jier fertrijefâldige it tal nêsten yn Fryslân.

Trefwurden: 
oerlêst ikeprosesjerûp iik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)