Aksjes by feartsjinsten Wagenborg

11 maaie 2015 - 12:07

Der komme aksjes by Wagenborg, want it bedriuw hat net reageard op it ultimatum dat de fakbûnen steld hiene en dat moandei om 12 oere ôfrûn. De fakbûnen komme letter op de dei mei berjochten oer de aard fan de aksjes. Se moatte dêr earst yntern en mei de leden oer prate.

It konflikt giet ûnder oare oer in leaneask foar de 80 meiwurkers en ek binne de fakbûnen min te sprekken oer it feit dat de feartsjinst bot besunigje wol op de arbeidsbetingsten. Sa binne de taslaggen foar de drokke wykeintsjinsten al skrast.

It personiel is boppedat ûntefreden oer de wurkdruk: dy wurdt hieltyd heger. Yn it programma Weistra op Wei sille de fakbûnen mear fertelle oer de aksjes dy't der komme sille.

Trefwurden: 
aksje Wagenborg fakbûnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)