Prizen foar lânbougrûn gean noch altyd omheech

11 maaie 2015 - 08:15

De prizen fan lânbougrûn binne yn in heal jier tiid sa'n 20% omheech gien. De grûnpriis leit no tusken de 40.000 en 70.000 euro foar in bunder, mar yn de polder wurdt soms hast in ton betelle.

De ôfskaffing fan it molkkwotum is ien fan de oarsaken fan de hege prizen. De ynfiering fan de melkfeewet ferplichtet boeren om twa kij op ien bunder te hâlden yn ferbân mei de dong. Boeren dy't temin grûn hawwe, moatte bykeapje. De ein fan de stiigjende prizen liket ek noch net yn sicht.

Grûn komt eins net op de iepenbiere merk. It is foar dy tiid allang ferkocht. Fraach is fansels hoe't dit yn de takomst komt foaral as de molkpriis ynstoart. Dy priis is al sakke fan in lytse 50 sinten de kilo (liter)in jier lyn, oant sa'n 30 sinten no. Guon boeren binne bang dat de prizen ynstoarte sille. Oaren tinke dat dit wol wat tafalt, omdat de fraach nei molke en molkprodukten heech bliuwt.

Trefwurden: 
lânbou grûnpriis molkkwotum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)