Partoer Wagenaar wint yn Kimswert

10 maaie 2015 - 17:01

De haadklasse keatspartij yn Kimswert is snein in proai wurden foar Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Nicole Hempenius, Imke van der Leest en Renske Terwisscha van Scheltinga. Mei in moaie boppeslach makke Leonie van der Graaf de partij út.

De lytse preemje gong nei Elly Hofman, Anke Winkel en Geke de Boer, dy't yn de striid om preemje of neat mei 5-3 en 6-2 wûnen fan Sanne Velsma, Aukje van Kuiken en Wiljo Sijbrandij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)