Bus Cambuurfans weromstjoerd nei antysemityske leuzen

10 maaie 2015 - 16:45

In groep Cambuurfans dy't snein op wei wie nei de wedstriid Ajax-Cambuur is weromstjoerd út Amsterdam. Sa'n 50 supporters fan de hurde kearn soene antysemityske leuzen roppen ha. De bus is ûnder plysjebegelieding weromgien. Der soene acht bussen mei 350 supporters by de wedstriid wêze.

Doe't de gemeente Amsterdam hearde fan de leuzen yn de bus, joech boargemaster Van der Laan in needbefel ôf. De bus moast doe omkeare. De supporters hawwe in proses-ferbaal krigen. Justysje beslút letter oft der noch oare gefolgen binne foar de 50 fans binne.

SC Cambuurdirekteur Ard de Graaf wol de kwestje ûndersykje en dan besjen oft der mooglik maatregels nommen wurde moatte tsjin de supporters.

De gemeente Amsterdam, Ajax en oare fuotbalklups hawwe de ôfspraak dat supporters tsjinhâlden wurde by de wedstriid, sa gau't der antysemityske leuzen roppen wurde.

By de wedstriid Ajax-Cambuur wienen ferline jier rellen. Doe binne Ajax-supporters oanhâlden foar de rellen foarôfgeand oan de wedstriid tsjin Cambuur. In grut part fan de Cambuursupporters mocht doe it stadion net yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)