Cambuur mei 3-0 ûnderút by Ajax

10 maaie 2015 - 16:35

SC Cambuur gong snein mei 3-0 ûnderút tsjin Ajax. Yn de Amsterdam Arena begongen de Ljouwerters goed oan de wedstriid. Sander van de Streek wie oant twa kear ticht by de iepeningstreffer. Nettsjinsteande de goeie kânsen slagge de ploech fan trainer Sandor van der Heide der net yn te skoaren.

Yn de twadde helte soarge Viktor Fischer mei twa rappe treffers foar feest by de Amsterdamske supporters. In kertier foar de ein bekroande Lasse Schöne de oerwinning mei in moaie frije traap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)