SC Hearrenfean lit punten lizze by Go Ahead Eagles

10 maaie 2015 - 16:30

SC Hearrenfean kaam yn de lêste útwedstriid fan it seizoen net fierder as in 1-1 lykspul tsjin de nûmer ien nei lêst Go Ahead Eagles. Yn stadion De Adelaarshorst like Jop van der Linden al nei 8 minuten de iepeningstreffer foar de thúsploech op it boerd te setten, mar de bal belâne fia de ûnderkant fan de latte krekt foar de line.

Nei rêst sakke de wedstriid yn. Mei noch twa minuten op 'e klok like Lerin Duarte de Feansters dochs noch de winst te besoargjen, mar yn de lêste minút pakte Go Ahead Eagles in punt troch de 1-1 te skoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)