Kampioen Snits Wyt Swart ferliest by Juliana '31

10 maaie 2015 - 16:02

Kampioen Snits Wyt Swart Boso wist it seizoen snein net te bekroanen mei in oerwinning. Yn it Gelderske Malden ferlearen de Snitsers mei 3-2 fan Juliana '31. De Snitsers kamen fiif minuten foar it skoft op in 1-0 efterstân. De thúsploech fersulvere in strafskop nei hands yn de 16 meter.

Fuort nei rêst soarge Erik Nederhoed foar de lykmakker, mar rap dêrnei wie it op 'e nij Juliana dat mei twa treffers de lieding naam. In eigen doelpunt fan Juliana brocht de spanning noch efkes werom, mar fierder kaam de ploech fan trainer Berry Zandink net.

Snits Wyt Swart waard twa wiken lyn kampioen yn de sneinshaadklasse en komt takom seizoen út yn de topklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)