Twa Friezinnen yn WK-seleksje fuotbalfroulju

10 maaie 2015 - 14:02

Keepster Loes Geurts fan Hichtum en Sherida Spitse fan Snits sitte by de WK-seleksje fan de Nederlânske fuotbalfroulju. Bûnscoach Roger Reijners hat snein de 23 spylsters bekendmakke, dy't meigeane nei it wrâldkampioenskip frouljusfuotbal yn Kanada.

Oer in moanne komme de 'Oranje Leeuwinnen' foar it earst yn 'e histoarje út op it wrâldkampioenskip fuotbal. Se sitte yn in groep mei Kanada, Sina en Nij-Seelân. Geurts en Spitse binne fêste krêften by de fuotbalsters. It is dan ek gjin ferrassing dat se oproppen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)