Ferkearskontrôle op de A32

10 maaie 2015 - 13:00

By in ferkearskontrôle op de A32 by Wolvegea hat de plysje sneon 26 prosessen-ferbaal opmakke. De plysje beboete bestjoerders ûnder oare foar it net dragen fan de riem, gjin of ûndúdlik kenteken, glêde bannen, gjin jildich rydbewiis, te swiere lading en tal fan technyske mankeminten.

Trefwurden: 
plysje A32 ferkearskontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)