Slachtoffer fan stieltriedspanner ferromme

10 maaie 2015 - 12:13

Danny Twijnstra (21) fan Frjentsjer hie nea tocht dat de plysje noch in fertochte oanhâlde soe foar in mishanneling dêr't er yn septimber 2012 ferwûne by rekke. Hy ried doe op de Hertog van Saxenleane mei syn skooter tsjin in oer de dyk spand stik stieltried. Hy foel op 'e grûn en rekke ferwûne oan it gesicht.

Doetiids waarden trije fertochten oanhâlden, mar nei ûndersyk ek gau wer frijlitten. Yn april is de saak weriepene nei't de plysje nije ynformaasje krige. In Frjentserter (24) hat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)