Twa jeugdspilers fan SC Cambuur nei Chelsea

10 maaie 2015 - 11:08

Twa jeugdspilers fan SC Cambuur meie kommende wike in oantal dagen op staazje by Chelsea. It binne Levi de Ron en Milan de Koe. Ek trainer Elwin van Keulen mei as begelieder mei.

De jongesteams D1 en C2 fan Cambuur wiene ôfrûne wike ek al yn Londen, foar oefenwedstriden tsjin Chelsea en Fulham. It slagge de jonges fan D1 om lyk te spyljen tsjin it team fan Chelsea. De fertsjintwurdigers fan de lânskampioen fan Ingelân wiene sa entûsjast oer de prestaasjes fan de jeugd fan Cambuur, dat twa jeugdspilers no op staazje meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)