Snorfytser pakt mei drank yn Ljouwert

10 maaie 2015 - 09:55

In snorfytser fan 22 is sneontenacht op it Ruiterskwartier yn Ljouwert syn rydbewiis kwytrekke. Hy waard troch de plysje betrape op riden ûnder ynfloed. Hy waard oan de kant set en moast blaze. Hy hie hast 4 kear safolle dronken as wetlik mei. Syn rydbewiis is ynfoardere en hy hat in rydferbod oplein krigen fan 11 oeren. Hy kin ek noch in jildboete of in oare straf krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)