Kriminelen sette Fryske boargemaster ûnder druk

10 maaie 2015 - 09:35

Ek yn Fryslân besykje kriminelen har sin te krijen, troch de boargemaster ûnder druk te setten. Dat kin opmakke wurde út ûndersyk fan it televyzjeprogramma Nieuwsuur. De redaksje fan Nieuwsuur hat goed 200 boargemasters frege oft se wolris troch kriminelen ûnder druk set wurde.

Yn alle gefallen ien Fryske boargemaster hat dy fraach posityf beäntwurde, mar yn watfoar gemeente dat wie, is net bekendmakke. De boargemasters sizze dat kriminelen bygelyks besykje om mei yntimidaasje fergunnings yn de hoareka te regeljen.

It genoatskip fan boargemasters fynt dat minister Plasterk fan Ynlânske Saken mei de boargemasters om de tafel moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)