Flinke skea troch keukenbrân Ljouwert

10 maaie 2015 - 08:12

In hûs oan de Jacob Binckesstrjitte yn Ljouwert hat sneintemoarn flinke skea oprûn troch in keukenbrân. De bewenster hat reek binnenkrigen en is troch ambulânsepersoniel behannele. De brân ûntstie in bytsje foar seizen.

De alarmearre brânwacht hat it fjoer útmakke en de wenning fentilearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)