SCO thús mei 24-28 ûnderút tsjin Tweemaal Zes

09 maaie 2015 - 18:17

De kuorballers fan SCO ferlearen sneon mei 24-28 fan Tweemaal Zes. Op it sportpark fan Aldeholtpea sette de ploech fan trainer Aegle Frieswijk goed útein. By it skoft stie der in 15-13 rêststân op it boerd.

Ek yn de twadde helte holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. Mei noch in kertier op de klok stie SCO mei 23-22 foar. De slotfaze wie lykwols hielendal foar de gasten út Maartensdijk. Mei seis treffers luts Tweemaal Zes úteinlik oan it langste ein.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Aldeholtpea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)