Lintsje foar frijwilligers op de mûne

09 maaie 2015 - 13:21

Twa Fryske mûne-frijwilligers binne sneon fanwege de Nasjonale Mûnedei yn it sintsje set. Yn Wytmarsum krige de 82-jierrige Lourens Sierkstra in keninklik lintsje foar syn wurk op mûne De Onderneming yn it doarp.

De 73-jierrige Klaas Lenstra fan De Lemmer krige sneontemoarn yn Wolvegea in keninklik lintsje opspjelde. Hy sit sûnt 1975 op mûne Windlust yn Wolvegea.

Trefwurden: 
lintsje mûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)