Autorút stikkenslein by ferkearsrûzje

09 maaie 2015 - 13:12

In rûzje yn it ferkear is freed út de hân rûn yn Drachten. In 28-jierrige man út Grins soe in rút stikkenslein hawwe fan in auto, bestjoerd troch in 20-jierrige frou út Steggerda. Dêrnei is de Grinzer fuortriden.

De plysje hat de man úteinlik oanhâlden op grûn fan de nûmerplaats fan de auto. Tsjin de Grinzer is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)