Alvemarretocht: dielnimmers hawwe lêst fan hurde wyn

09 maaie 2015 - 10:29

Goed 4500 fytsers dogge sneon mei oan de 48e Alvemarretocht. De tocht wurdt troch in soad fytsers sjoen as de lêste proef fan de fytsalvestêdetocht op pinkstermoandei. Nettsjinsteande it minne waar mei hurde wyn en rein binne der net in soad thúsbliuwers. Boppedat binne der in soad jongere dielnimmers, seit Hylke van der Meulen fan de organisaasje.

De tocht begjint en einiget yn Snits. Dielnimmers kinne kieze út 50 of 100 kilometer.

Trefwurden: 
Alvemarretocht fytse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)