Fjouwer drugsdealers oppakt yn Ljouwert

08 maaie 2015 - 21:57

De plysje hat freedtemiddei yn Ljouwert fjouwer drugsdealers oppakt op it Blokhúsplein. It kwartet, 3 manlju en 1 frou, dealden yn harddrugs. De fertochten hienen ûnder oare speed by harren. De drugs binne yn beslach naam.

Letter op de middei is op De Weaze yn Ljouwert ek noch in man oanhâlden dy't in gebietsferbod hie foar it Ljouwerter sintrum yn ferbân mei drugshannel. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)