Undernimmers SW-Fryslân krije sertifikaat foar Fair Trade

08 maaie 2015 - 19:29

It is sneon Werelddag Fairtrade 2015 en dat bestjut dat oeral yn de wrâld oandacht skonken wurdt oan Fair trade- produkten en earlike hannel. It giet dan om produkten as kofje, bananen, molke en kakao út tredde wrâldlannen, mar ek om lokale produkten.

Doel is dat produsinten in earlike priis krije. Freed krige in oantal bedriuwen en ynstellings yn de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't Fairtrade produkten ôfnimme, in sertifikaat út hannen fan Ambassadeur Fair trade Manon Thomas en wethâlder Mirjam Bakker.

Tal fan wurkgroepen yn ûnder oaren Kollumerlân, Dantumadiel en Dongeradiel gean sneon op 'en paad om minsken te oertsjûgen fan it nut fan de aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)