Fallisemint foar transportbedriuw Van der Aart yn Drachten

08 maaie 2015 - 17:09

Transportbedriuw Van der Aart yn Drachten is fallyt ferklearre. Dat barde op fersyk fan de direkteur. Op it momint fan it fallisemint wienen der hast 20 minsken yn tsjinst by Van der Aart. De kurator seit dat der al ien partij him melden hat foar oername fan it Drachtster transportbedriuw.

De fokus fan de kurator leit dan no ek op it trochsetten fan de wurksumheden, sadat it in oername makliker makket. De kurator hopet op koarte termyn mear dúdlikens te hawwen.

Van der Aart wie earder al negatyf yn it nijs. Sa hawwe sjauffeurs en fakbûn FNV yn desimber noch aksjefierd tsjin Van der Aart troch 'krystpakketten' mei stront oan te bieden. Sy woenen mei de aksje dúdlik meitsje dat Van der Aart de sjauffeurs finansjeel yn de tange hold.

It bedriuw hat ek jierren mei in yllegale konstruksje wurke wêrby't de sjauffeurs opdraaiden foar de ûndernimmersrisiko's. De ynspeksje ferbea dy konstruksje en doe moast Van der Aart syn wurkwize oanpasse. Oft dat de oarsaak fan it fallisemint west hat, is net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)