Frije rol foar Pieter Weening yn de Giro d'Italia

08 maaie 2015 - 15:20

Pieter Weening krijt yn de Giro d'Italia wer in frije rol. Krekt as de ôfrûne jierren sil de hurdfytser besykje in etappe te winnen. Syn ploech Orica-GreenEdge hat net in kopman, dêr't se foar ride moatte. Dêrtroch krijt Weening de kâns syn etappes út te kiezen en foar de winst te gean.

Yn 2011 wûn de Harekyt in etappe en ried hy fjouwer etappes yn de rôze liederstrui. Ferline jier wûn Weening de njoggende etappe. Sneon begjint de Ronde fan Italië mei in ploegetiidrit. Ferline jier wist de ploech fan Weening dy etappe te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)