Larsson troch dikke knibbel ûnwis foar Go Ahead Eagles

08 maaie 2015 - 14:47

Hearrenfeanoanfaller Sam Larsson is fanwege in blessuere snein ûnwis fan dielname tsjin Go Ahead Eagles. Hy hat freed net meitraind. Op in eardere training hie er in tik op 'e knibbel krige, wêrtroch't der focht yn sit.

De oare Sweed, Simon Thern, krige moandei lêst fan it ankel, mar hat freed wol wer folop meitraind. Joost van Aken is werom fan in blessuere en kin gewoan meidwaan. Doke Schmidt is al sûnt langere tiid útskeakele fanwege in ankelblessuere. Hy hat dizze wike wol meitraind, mar Lodeweges tinkt net dat er der snein by is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)