61-jierrige man stelt snobbersguod út winkel

08 maaie 2015 - 14:14

In 61-jierrige Ljouwerter is tongersdeitemiddei yn in winkel oan de Spoarstrjitte yn de stêd trappearre op it stellen fan snobbersguod. De man naaide út en bedrige de meiwurkers.

De plysje fûn de man yn de omkriten fan de winkel en hâlde him oan. Hy moat him letter foar de rjochter ferantwurdzje.

Trefwurden: 
snobbersguod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)