CU: "Fersakke huzen Noarderdwersstrjitte Grou gau oanpakke"

08 maaie 2015 - 13:43

De ChristenUnie fynt dat der gau wat dien wurde moat oan de wensituaasje yn de Noarderdwersstrjitte yn Grou. In oantal wennings yn dy strjitte is sa slim oan it fersakjen dat guon huzen ûnbewenber ferklearre binne.

It giet om njoggen huzen fan wenningboukorporaasje Elkien en om njoggen huzen fan partikulieren. De fersakking komt mooglik troch de peilferleging fan it grûnwetter. Dêrtroch is de houten fundearring boppe wetter kaam en sadwaande ferrotte.

De ChristenUnie fynt dat dat net de skuld is fan de wenningeigenaren en freget dêrom oan Deputearre Steaten hokker mooglikheden dy hawwe om yn aksje te kommen. Fierders wol de partij witte wat de provinsje oant no ta dien hat en wat noch dien wurde kin om de wenningeigeners te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)