Earste Fryske helptransport yn Nepal oankaam

08 maaie 2015 - 12:41

It earste helptransport fan de stichting Studinten- en Musaharprojekt Nepal is oankaam yn it Gorkhdistrikt. De helpaksje is ûnderdiel fan de Aksje Fryslân foar Nepal en hat oant no ta 80.000 euro opsmiten. Mei it jild binne twa frachtweinen mei tinten, tekkens en tûzenen kilo's rys nei Nepal stjoerd.

Frijwilligers fan de de Nepaleeske partner fan de stichting soargje foar de fersprieding fan it guod. De need is heech, neffens de stichting. De minsken hawwe grut ferlet fan iten.

De seishûndert huzen yn de sân doarpen yn de regio Gorkh binne allegearre ferneatige troch de swiere ierdbeving fan sawat twa wike ferlyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)