Fúzje Stichting Behâld Tsjerklike Gebouwen

08 maaie 2015 - 12:06

De Stichting Behâld Tsjerklike Gebouwen Fryslân smyt op 1 jannewaris de lapen gear mei twa stichtings yn Grinslân en Drinte. De stichtings helpe tsjerkebestjoeren by restauraasje fan tsjerken. De regels wurde hieltyd yngewikkelder. Troch de gruttere organisaasje kinne de meiwurkers harren spesjalisearje en mear kwaliteit biede oan de tsjerkebestjoeren.

Troch de fúzje ferdwine gjin banen. Foarsitter fan de nije stichting wurdt boargemaster Van den Berg fan Ferwerderadiel. Direkteur wurdt Jouke Jongsma, no direkteur fan de Fryske stichting.

De Stichting Behâld Tsjerklike Gebouwen Fryslân is mei fiif meiwurkers de grutste fan de trije noardlike organisaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)