Nije gemalen tsjin wetteroerlêst wenwiken Dokkum

08 maaie 2015 - 10:56

Dokkum krijt der twa nije gemalen by om de wetteroerlêst yn wenwiken oan te pakken. Wethâlder De Graaf nimt de nije gemalen moandeitemiddei offisjeel yn gebrûk. Se docht dat mei Aaltsje Rispens en Egbert Berenst fan Wetterskip Fryslân.

By in soad rein stean guon strjitten yn 'e wiken de Huoddemakkerspolder en de Koailannen wol gauris ûnder wetter. Njonken de nije gemalen binne de stuwen, dûkers en fivers ek oanpakt. Alles mei-inoar moat derfoar soargje dat wetter better fuortkomme kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)