Plysje siket ynslûper wenhûs yn Ljouwert

08 maaie 2015 - 08:49

De plysje siket in ynslûper dy't tongersdeitenacht yn in wente yn Ljouwert west hat. Yn it hûs oan de Bernhardus Bumastrjitte waard krekt nei fiif oere ien sjoen dy't dêr neat te sykjen hie. It giet om in blanke man mei in donkere jas oan en in swarte pet op.

Minsken dy't wat fertochts sjoen hawwe yn dizze saak, kinne mei de plysje belje.

Trefwurden: 
Ljouwert ynslûper wente
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)