Kommunikaasjetraining smyt 4250 euro op foar goed doel

07 maaie 2015 - 20:11

In kommunikaasjetraining fan in bedriuw op De Jouwer is op in positive wize út de hân rûn. Meiwurkers moasten by de training in plan meitsje om jild yn te sammeljen foar in goed doel. It wie net de bedoeling dat it plan echt útfierd wurde soe, mar dat hawwe se al dien.

Soarchbuorkerij Kleurrijk yn Aldemardum hat no in sjek krigen fan 4250 euro. Dat doel hawwe de meiwurkers útsocht. omdat ien fan harren, Clara Steneker, in bern hat dat dêr om de wike hinnegiet.

It famke hat it syndroom fan Down, mar de soarchbuorkerij fangt minsken op mei allerlei soarten beheinings. Fan it jild dat se no krigen hawwe, kinne se ûnder oare boartersguod keapje en in oerkaping boppe de sânbak bouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)