Terptsjerke wurdt blikfanger yn Natuermuseum

07 maaie 2015 - 19:59

Yn it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert wurdt in typysk Fryske terptsjerke neiboud. It bousel wurdt sa'n tsien meter heech en komt op it binnenplak fan it museum te stean. De tsjerke wurdt op skaal boud en sil foar in part yn goede steat wêze en foar in part yn de foarm fan in ruïne. It folsleine tsjerke-ynterieur, ynklusyf tsjerkebanken wurdt ek neiboud. De tsjerke moat de blikfanger wurde fan de tentoanstelling 'Goddelijk Groen', in gearwurking mei de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

It doel fan de tentoanstelling is om bern te learen oer welke bisten der allegear yn en om tsjerken yn Fryslân libje. De tsjerke en de tentoanstelling binne fan 5 juny ôf te sjen yn it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)