Wurkstraf foar Grinzer foar mishanneling yn Ljouwert

07 maaie 2015 - 19:22

In 21-jierrige man út Grins hat 140 oeren wurkstraf krigen foar in mishanneling yn Ljouwert yn febrewaris foarich jier. De man krige doe yn it sintrum fan Ljouwert rûzje mei in foarbygonger.

It slachtoffer krige klappen en syn bril waard fernield. De Grinzer koe him yn de rjochtbank it foarfal net mear heuge. Hy joech oan dat tefolle drank de oarsaak wie. In maat fan de fertochte krige earder al in selstraf fan fjouwer moanne oplein foar syn oandiel yn it gehiel.

Trefwurden: 
Ljouwert mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)