Fytsferbod yn de Midstrjitte op De Jouwer

07 maaie 2015 - 17:00

Fytsers meie fan maaie oant en mei septimber net mear troch in part fan Midstrjitte op De Jouwer fytse as de winkels iepen binne. De gemeente wol mei dizze proef sjen oft it winkeljen sa nofliker en feiliger wurdt. It giet om it stik fan de Jouster Toer oant de snackbar, dat op dit stuit ek al autofrij is.

Yn maaie en juny bliuwt it by in warskôging, dêrnei krije fytsers in boete fan 55 euro. Yn oktober sil de gemeente sjen oft de maatregel definityf wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)