Miedema Sails hâldt op mei Gaastra Sails

07 maaie 2015 - 16:54

Miedema Sails út Heech hâldt op mei it merk Gaastra Sails. Oanlieding is in konflikt mei de Sineeske eigener fan it merk. Neffens Miedema wol dy ôf fan de autentike manier wêrop't de Fryske seilen makke wurde. De produksje soe útbestege wurde moatte nei Sina en dat soe betsjutte dat de fakminsken by Miedema har wurk ferlieze. Dêr wol de direksje net oan.

Foar de besteande klanten fan it bedriuw feroaret der neat. Sawat alle seilen fan Gaastra Sails waarden altiten al makke troch Miedema. Dy nimt de rinnende garânsjes oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)