Grien ljocht foar nij swimbad yn Warkum

07 maaie 2015 - 16:10

Warkum krijt toch in nij swimbad. Dat hat de gemeente Súdwest-Fryslân tongersdei bekend makke. It nije swimbad komt op it plak fan it âlde swimbad de Rolpeal. Dat bad wie al jierren oan ferfanging ta, mar de gemeente fûn dat te djoer.

No't Warkum sels mei plannen kommen is, leit der toch in realistysk nijbouplan, dêr't de gemeente him ek yn fine kin. De kosten fan de nijbou wurde leger troch de ynset fan de ynwenners fan de stêd. Ek by de eksploitaasje wolle frijwilligers wol oan de slach.

De nijbouplannen foar it swimbad yn Warkum betsjútte dat alle besteande swimbaden fan Sudwest Fryslân iepen bliuwe kinne.

Trefwurden: 
swimbad Warkum Rolpeal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)