Grutte Potten foar in part ûnder wetter

07 maaie 2015 - 15:13

In part fan de Grutte Potten by Snits wurdt moandei ûnder wetter set. Dat is ien fan de maatregels dy't der foar soargje moat dat der mear romte komt foar natuer en rekreaasje. De Grutte Potten leit oan de râne fan it Natura 2000 gebiet tusken it rekreaasjesintrum de Potten en de Houkesleat. De ôfrûne wiken binne dêr al sleatten iepengroeven en is gerslân ôfplagge. Yn kombinaasje mei it wetter dat der no ynlitten wurdt, ûntstiet in ûndjippe sône dêr't ûnderwetterplanten har ûntwikkelje kinne, wat wer soarget foar in bettere wetterkwaliteit.

Trefwurden: 
Snits wetter Grutte Potten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)