Arjan Samplonius wurdt trainer by Team beslist.nl

07 maaie 2015 - 14:38

Ald-reedrider Arjan Samplonius (33) wurdt assistint-trainer bij Team beslist.nl. Dêr wurket er takom seizoen mei Gerard van Velde. Samplonius komt fan it eardere New Balance reedrydteam. Hy wurke dêr mei allrounders en makket no dus de oerstap nei de sprinters. Samplonius wie sels trije kear jeugdkampioen supersprint. Hy is op it stuit mei syn nije ploech op trainingskamp op Mallorca.

Trefwurden: 
reedriden Arjan Samplonius
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)