Plysje set bylden fan ynbraken op webside

07 maaie 2015 - 14:11

De plysje hat op syn webside bylden set fan de dieders fan ynbraken yn in buertsuper en hoarekabedriuw oan de Marktwei yn Aldskoat. De ynbraak wie yn de nacht fan 28 maart. By de stellerij waarden ûnder oare sigaretten en jild meinaam.

De dieders binne filme mei kamera's yn de twa bedriuwen. De plysje hopet op tips troch it publisearjen fan de bylden.

De bylden binne te sjen op de webside fan de plysje.

Trefwurden: 
plysje ynbraak stellerij bylden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)