Jonge toeristen betrape mei stellen ferkearsbuorden

07 maaie 2015 - 13:07

De plysje hat tongersdei seis jongerein oanhâlden foar it stellen fan ferkearsbuorden. De buorden wiene woansdei stellen yn Langwar. Troch buertûndersyk kaam de plysje de dieven op it spoar.

It giet om seis jongerein dy't yn Jiskenhuzen mei fakânsje binne. Op harren fakânsjeadres fûn de plysje tsien stellen buorden. Dy binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)