Keunstwurk hâldt enkête ûnder de Fryske ferienings

07 maaie 2015 - 11:52

Keunstwurk sil ûndersyk dwaan nei de aktiviteiten fan alle 900 amateurkeunstferienings yn Fryslân. Op it stuit wit Keunstwurk wol hoefolle ferienings der binne en wêr't se sitte, mar noch net konkreet wat alle aktiviteiten fan de de ferienings binne.

Takom moanne krije alle amateurferienings in enkête oer de mail dêr't se yn oanjaan kinne wat se allegear dogge. It doel fan it ûndersyk is om yn kaart te bringen wat der yn Fryslân allegear is oan aktiviteiten. Ek wol Keunstwurk de ferienings better stypje mei de aktiviteiten dy't se dogge.

Trefwurden: 
ûndersyk keunstwurk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)