Fytsedief is agressyf tsjin de plysje

07 maaie 2015 - 10:45

In 29-jierrige fytsedief hat woansdeitejûn yn Drachten in plysje slein doe't dy him oanhâlde woe. De man sûnder fêst wenplak hie de fyts stellen op it Van Knobeldorffplein. In tsjûge seach dat en warskôge de plysje.

Dy seach de fertochte mei de stellen fyts op de Schwartzenberghleane. De man hie ek noch in finzenisstraf iepen stean. Hy sit no fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje mishanneling fytsedief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)