Jubileum keramykwurkpleats Daeldersplak Droegeham

07 maaie 2015 - 10:04

Keramykwurkpleats Daeldersplak yn de "Alde Skoalle" yn Droegeham bestiet tsien jier. Daeldersplak is in deibestegingslokaasje dêr't 16 keunstners wurkje dy't allegear ien of meardere beheinings hawwe. It tsienjierrich jubileum wurdt ûnder oare fierd mei in eksposysje yn Kleinteater De Vier Pelikanen yn Ljouwert. De keunstners is frege om 100 pelikanen te meitsjen.

Tongersdeimiddei middei om trije oere is de offisjele iepening fan de útstalling dy't de hiele simmer te sjen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)