Henk de Jong suksesfol opereard

06 maaie 2015 - 19:56

Cambuurtrainer Henk de Jong hat woansdei mei sukses in operaasje hân oan de knibbel. De Drachtster hat yn in klinyk yn Naarden in nije knibbel krigen. Neffens Henk ha se ek de skiif fan de knibbel ferfongen.

"It is wol in heftige operaasje, mar ik bin oh sa wiis mei de minsken hjir. It is goed gong en ik ha krekt al efkes mei Sandor kontakt hân. Ha we it efkes oer Ajax hân." Troch de operaasje is Henk de Jong der de lêste twa wedstriden fan it seizoen net by. Assistint-trainer Sandor van der Heide nimt it stokje dan oer fan De Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)