Parkearje yn Frjentsjer tenei mei pinpas of mobile telefoan

06 maaie 2015 - 16:45

It betelle parkearjen yn Frjentsjer feroaret meikoarten, want der kin net mear mei kontant jild betelle wurde. De gemeente pleatst de kommende dagen nije parkearmeters, dêr't allinnich mei de pinpas of mei in mobile telefoan betelle wurde kin. Op 18 maaie wurde de parkearmeters offisjeel yn gebrûk naam.

As oergongsperioade bliuwe twa apparaten noch in healjier geskikt foar muntjild. It giet om de parkearmeters yn de Voorstraat en Sjaardemastraat. Beide plakken wurde in soad brûkt.

Trefwurden: 
Frjentsjer pinpas parkearje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)