Joost van Aken kin snein wer spylje foar SC Hearrenfean

06 maaie 2015 - 15:27

Joost van Aken (20) kin snein wer meifuotbalje foar SC Hearrenfean. De Friezen spylje tsjin Go Ahead Eagles. De sintrale ferdigener hat der mear as in moanne út west fanwegen in hamstringblessuere. Hy moast ein maart ôfheakje by Jong Oranje en kaam dêrnei net mear yn aksje.

Doke Schmidt is der snein net by fanwegen in ankelblessuere. Oft middenfjilder Simon Thern meidocht, is noch net wis. De Sweed rekke op de training licht blessearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)