Kaartferkeap foar 'Grûn' fan Tryater begjint sneon

06 maaie 2015 - 15:05

De foarferkeap foar de jubileumfoarstelling 'Grûn' fan Tryater begjint 9 maaie. De kaarten binne fan 15.00 oere ôf te keap by skouboarch De Lawei yn Drachten. De earste besteller by de kassa krijt twa frijkaarten. Om 16.00 oere begjint de online kaartferkeap, ek foar busarranzjeminten út ferskate plakken út Fryslân wei.

Grûn is de bekroaning op it 50-jierrich jubileum fan Tryater, in kronyk fan it libben om twa boerefamyljes hinne. Ira Judkovskaja hat de monumintale foarstelling fan fjouwer oeren skreaun. Der dogge 16 akteurs oan mei.

Grûn is fan 27 oktober oant en mei 8 novimber yn Drachten te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)