"Gemeente Hearrenfean gauwer ûnder kuratele wei"

06 maaie 2015 - 14:30

De gemeente Hearrenfean kin mooglik al takom jier ûnder it finansjeel tafersjoch fan de provinsje út. Dat seit wethâlder Coby van der Laan. Ferline jier wie de prognoaze noch dat dat pas yn 2021 koe. Troch it sunige belied fan de gemeente en tafallers kin dat no fiif jier earder.

De gemeente tinkt yn 2016 wer in eigen fermogen fan 2,5 miljoen euro te hawwen. Ien fan de tafallers is dat de gemeente mear grûn ferkocht hat op yndustryterrein IBF.

De gemeente moat mei-inoar noch wol 6,5 miljoen op de grûn ôfwurdearje. It is de gemeente slagge om de totale skulden te ferminderjen fan 178 nei 153 miljoen euro. Dochs seit wethâlder Van der Laan dat de gemeente de kommende jierren skraal oan de wyn sile moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)