Wer fernielings by iepenloftspul Kollumersweach

06 maaie 2015 - 12:36

Foar de twadde kear yn koarte tiid binne dekôrstikken fan it iepenloftspul fan toanielselskip Masquerade Theater fernield. Fandalen hawwe snein en moandeitejûn op it terrein fan it iepenloftspul yn Kollumersweach dekôrstikken fernield en in kleanrek stellen.

De akteurs binne bot skrokken en bale as in stekker. Se ha tiisdei goed fiif oeren dwaande west om de dekôrstikken wer op 'e nij te meitsjen. De premjêre fan it iepenloftspul 'Kattekwea' is op 29 maaie, dy komt troch de fernielings net yn gefaar.

It toanielselskip ropt fia Facebook tsjûgen op har te melden. "Wij zijn verdrietig. Dit moet stoppen", sa skriuwe se. Masquerade Theater bestiet út 24 jongeren út Noardeast-Fryslân fan 11 oant 18 jier. 'Kattekwea' is it twadde stik dat it selskip op 'e planken bringt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)